Thús - 1 - 2 - 4 - 7 - A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y - Z



Op fryskemuzyk.nl fine jo alle Fryske muzyk en films op cd as dvd. Klik op ien fan de letters as sifers hjir boppe om in oersjoch te krijen fan alle skiven mei dy begjinletter as klik op Thús om nei in samling ferneamde skiven te gean.


Moai yn septimber


Moai yn septimber (1994)

Roel Slofstra sjongt Sybe Krol. Sybe Krol wie dichter, oersetter meast út it Deensk, Noarsk en Ingelsk, literatuerbesprekker en skriuwer fan lietteksten. Dêrnjonken siet er fan 1974 oant en mei 1981 yn 'e redaksje fan it literêr tydskrift Hjir. Fuort dêrnei waard er foarsitter fan de útjouwer fan dat blêd, de stifting Hispel. Dyselde stichting hat it ynisjatyf nommen om dizze kompakt skiif Moai yn septimber út te jaan. Sybe syn lietteksten kinne karakterisearre wurde as byldzjend, sjongsum, goed yn it gehoar lizzend, ynnimmend, myld en gefoelich. Guon fan Sybe syn lieten binne op 'e plaat set troch de folkgroep Irolt èn troch Roel Slofstra. Roel, dy't jierren mei Sybe tegearre wenne hat, bringt op dizze skiif nochris 18 fan Sybe syn neilitten teksten ta klinken.

1 Jong - Roel Slofstra
2 Monolooch - Roel Slofstra
3 De talintfolle susters - Roel Slofstra
4 Allabreve - Roel Slofstra
5 Sytske - Roel Slofstra
6 Der is in grut fertriet - Roel Slofstra
7 Hearen - Roel Slofstra
8 Krúspunt - Roel Slofstra
9 Ik - Roel Slofstra
10 Shag en bier - Roel Slofstra
11 De griene rite - Roel Slofstra
12 Dan komt de nacht - Roel Slofstra
13 It gouden lûd fan de sinne - Roel Slofstra
14 Wytske - Roel Slofstra
15 Halleluja, amen! - Roel Slofstra
16 Ik kom werom - Roel Slofstra
17 Deatynge - Roel Slofstra
18 Hjerst - Roel Slofstra